Jean-Martin Charcot (Parys, 29 novimber 1825 - Morvan, 16 augustus 1893) wie in Franske arts dy't beskôge wurdt as ien fan de grûnlizzers fan de neurology.
Yn 't earstoan wie Charcot sikehûsarts mei niget oan senuwsyktes; hy makke it oannimlik dat multiple skleroaze en de sykte fan Parkinson ferskillende syktes wiene. Letter die er ek ûndersyk nei hystearje, dêr't er ûnder oaren hypnoaze foar tapaste. Sa waard Charcot nei syn dea fan ynfloed op de psychiatry en psycho-analyze. In protte fan Charcots kennis waard nammentlik oernommen troch syn studint Sigmund Freud. Ek Alfred Binet, Joseph Babinski en Georges Gilles de la Tourette studearren by Charcot.