Jeropeeske wei

Netwurk fan Jeropeeske wegen
E-diken yn Nederlân
E-diken yn Dútslân

De Jeropeeske wegen binne diken dy't troch de letter E en guon sifers oantsjutten wurde. It nûmeringsysteem waard troch de Jeropeeske Ekonomyske Kommisje fan de Feriene Naasjes (UNECE) ûntwikkele. It netwurk wurdt nûmere fan E1 ôf en heger en de diken dêrfan rinne oer nasjonale grinzen hinne. It netwurk rint oant yn Sintraal-Aazje en Lyts-Aazje ta, om't dy lannen lid fan de UNECE binne. De rûte wurdt almeast oer autodiken en guon gefallen oer autowegen laat.

Yn de measte lannen, binne de diken mei de Jeropeeske nûmers nûmere, njonken de nasjonale nûmers. Yn Belgje, Noarwegen en Sweden hawwe de diken allinnich de Jeropeeske nûmers (bygelyks E18 en E6). It Feriene Keninkryk brûkt allinnich syn eigen nûmers, en net de Jeropeeske. Yn Denemark wurde allinnich de Jeropeeske nûmers brûkt, mar dêr binne ek offisjele nammen foar de autodiken, dy't bygelyks yn it nijs en de waarberjochten brûkt wurde. Yn Nederlân en Dútslân ferskine de Jeropeeske nûmers njonken de eigen nasjonale nûmers.

Oare kontininten hawwe gelikese ynternasjonale dikenetwurken, sa as bygelyks de Panamerikaanske wei yn Noard-, Midden- en Súd-Amearika, de Transafrikaanske wei yn Afrika en de Aziatyske wei en Aazje.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne