In jiermerk is in, faak út de midsiuwen datearjende jierliks weromkommende merk; oarspronklik bedoeld foar feehannel, grûnstoffen en guod. Se koe eardere inkele wiken duorje. Guon stêden hiene yn in jier wol fiif jiermerken. Jiermerken waarden ek brûkt foar ferskate gearkomsten en moetings.
Letter kaam de klam mear te lizzen op lokale festiviteiten. By in jiermerk is faak in merke en der binne faak ambachtslju.
Yn de 13de iuw wiene de jiermerken fan Champagne de wichtichste merken fan Europa.