Job | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | אִיּוֹב ("Iyyoḇ") | |
auteur | anonimus | |
taal | Hebriuwsk | |
foarm | poëzij | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 6e – 4e iuw f.Kr. | |
bondel | Bibel | |
rige | ||
rige | Alde Testamint | |
● foarich diel | Ester | |
● folgjend diel | Psalmen | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Job | |
publikaasje | 1943, Haarlim | |
útjouwer | Nederlands Bijbelgenootschap | |
oersetter | G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma |
Job, yn it oarspronklike Hebriuwsk: אִיּוֹב, Iyyoḇ, is in boek yn sawol de joadske as de kristlike Bibel. Yn 'e joadske Tenach falt it ûnder de Ḵeṯuḇim, de Geskriften, en is it it 16de boek (fan 24); yn it Alde Testamint fan 'e kristlike Bibel falt it ûnder de Poëzij en Wiisheid en is it (neffens de Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978) it 18de boek (fan 39). Yn Job wurdt it ferhaal ferteld fan in fromme man, dy't tramtearre wurdt troch de duvel, mar dochs trochgiet mei te fertrouwen op God. It bestiet út in didaktysk gedicht dat omjûn wurdt troch in ynlieding en in epilooch fan proaza. It doel fan it boek is om 'e lêzer in foarbyld te stellen fan hoe't er syn libben liede moatte soe. Hoewol't de talmoedyske tradysje hawwe wol dat Job skreaun is troch de profeet Mozes, datearje hjoeddeiske bibelwittenskippers en teologen it tusken de sechsde en de fjirde iuw f.Kr. Al is it boek mei sin sa redigearre dat der in sterk gearhingjend doel en boadskip út sprekt, dochs soe it bêst ris kinne dat guon fan 'e ûnderskate eleminten dêr't it út opboud is, foartiid in selsstannich bestean kend hawwe. De earste folsleine Fryske oersetting fan Job stie yn 'e fertaling fan it Alde Testamint, fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dy't yn 1943 útkaam.