Johan David Zocher Sr. (Torgau, 17 july 1763 – Baarn, 15 maaie 1817) wie in Nederlânsk arsjitekt en túnarsjitekt.
Zocher waard berne yn in famylje fan lekkenwevers. Johan David kaam om 1780 hinne nei Nederlân. Hy learde it fak fan túnarsjitekt fan syn lettere skoanheit J.G. Michael.[1] Twa soannen, Jan David Zocher jr. en Carl George Zocher waarden ek arsjitekt en túnarsjitekt. Fral Jan David hat in protte mei syn heit gearwurke. Ek pakesizzer Louis Paul Zocher waard túnarsjitekt.
Zocher stoar mei 53 jier ûnder syn wurk oan it park fan paleis Soestdijk.