Johan Remkes | ||
Algemien | ||
Berne | 15 juny 1951 | |
Berteplak | Súdbroek, Grinslân | |
Partij | VVD | |
Politike funksjes | ||
1975-1977 | Foarsitter JOVD | |
1978-1993 | Lid Provinsjale Steaten fan Grinslân | |
1978-1982 | Gemeenteriedslid fan de gemeente Grins | |
1994-1996 | Fraksjefoarsitter | |
2004-2006 | Steatssikretaris Underwiis, Kultuer en Wittenskippen | |
1982-1993 | Deputearre yn Grinslân | |
1993-1998, 2002, 2006-2010 | Lid fan de Twadde Keamer | |
1998-2002 | Steatssiktaris fan Folkshûsfêsting en Stêdebelied | |
2002-2007 | Minister fan Binnenlânske Saken en Keninkryksrelaasjes | |
2010-2018 | Kommissaris fan de Keninginne/Kening fan Noard-Hollân |
Johannes Wijnandus (Johan) Remkes (Súdbroek, Grinslân 15 juny 1951) is in Nederlânsk politikus fan de Folkspartij foar Frijheid en Demokrasy (VVD). Fan 2010 oant 1 jannewaris 2019 wie er kommissaris fan de Kening yn de provinsje Noard-Hollân. Earder wie her minister fan Binnenlânske Saken en Keninkryksrelaasjes (2002-2007), twadde minister (2002-2003) en steatssiktaris fan Folkshûsfêsting en Stêdebeleid (1998-2002). Mei yngong fan 12 oktober 2019 waard er beneamd ta waarnimmend boargemaster fan De Haach.