Johannes Hilarides (Ljouwert, ±1648 - Boalsert, 18 july 1726) wie in klassikus.
Johannes Hilarides waard op 14 maaie 1649 yn Ljouwert doopt. Oer syn komôf en earste jierren is neat bekend, hoewol't Wopke Eekhoff in ferbân lei mei de skipstimmerman fan Drylts, Hylke Benedictus, dy 't him nei de dea fan syn frou mei syn trije âldste soannen yn Ljouwert fêstige. Singelier is grif dat Johannes Hilarides op 24 maaie 1668 yn it register fan de Akademy fan Frjentsjer ynskreaun wurdt as kommend fan Drylts, hoewol 't hy ek letter syn ôfkomst út Ljouwert ynstee fan Drylts befêstigjen bliuwt. Hy studearre oan de Universiteit fan Frjentsjer, arbeide oan de Latynske skoallen yn Frjentsjer, Hylpen, Dokkum en Boalsert.