John Campbell, 9e hartoch fan Argyll | ||
aadlik persoan en/of hearsker | ||
echte namme | John George Edward Henry Douglas Sutherland Campbell | |
nasjonaliteit | Britsk | |
bertedatum | 6 augustus 1845 | |
berteplak | Londen (Ingelân) | |
stjerdatum | 2 maaie 1914 | |
stjerplak | Cowes (Ingelân) | |
etnisiteit | Skotsk Ingelsk | |
gûverneur-generaal fan Kanada | ||
amtsperioade | 1878 – 1883 | |
foargonger | markys fan Dufferin | |
opfolger | markys fan Lansdowne | |
hartoch fan Argyll en haadman fan de Clan Campbell | ||
amtsperioade | 1900 – 1914 | |
foargonger | George Campbell | |
opfolger | Niall Campbell |
John Campbell, 9e hartoch fan Argyll (folút: John George Edward Henry Douglas Sutherland Campbell; Londen, 6 augustus 1845 – Cowes (Ingelân), 2 maaie 1914) wie in Britsk ealman en politikus fan mingd Skotsk-Ingelsk etnysk komôf, dy't ta de adel fan Skotlân hearde. Hy is it bekendst wurden om't er fan 1878 oant 1883 de fjirde Britske gûverneur-generaal fan Kanada wie. Mei't er doe noch net de aadlike titel hartoch fan Argyll fan syn heit urven hie, waard er ûnder syn amtsperioade yn 'e regel oantsjut as de markys fan Lorne, of ek wol Lord Lorne. Syn oantins stiet no fral yn it teken fan 'e plaknammen dêr't er de Kanadeeske geografy mei ferrike ta eare fan syn frou Louise, in dochter fan keninginne Fiktoaria.