John Gielgud | ||
![]() | ||
![]() | ||
John Gielgud yn Much Ado About Nothing (1959) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Arthur John Gielgud | |
nasjonaliteit | ![]() | |
berne | 14 april 1904 | |
berteplak | Londen (Ingelân) | |
stoarn | 21 maaie 2000 | |
stjerplak | Wotton Underwood (Ingelân) | |
etnisiteit | ![]() ![]() ![]() | |
jierren aktyf | 1924 – 2000 | |
prizen | BAFTA 1953, 1974 & 1992 Tony 1961 Grammy 1980 Oscar 1981 Golden Globe 1981 & 1988 Emmy 1991 | |
offisjele webside | ||
gjint |
Sir John Gielgud (folút: Arthur John Gielgud; Londen, 14 april 1904 - Wotton Underwood (Ingelân), 21 maaie 2000) wie in Britsk toaniel-, film- en tillefyzjeakteur, dy't benammen ferneamd waard om fertolkings fan rollen út toanielstikken fan Shakespeare. Syn karriêre omfieme acht desennia, en hy wurdt rûnom beskôge as ien fan de grutste akteurs fan syn tiid. Gielgud is ien fan 'e seldsume akteurs dy't in Tony, in Emmy, in Grammy (foar in ynsprutsen lústerboek) en in Oscar wûn hawwe, mei dêropta noch 2 Golden Globes en 3 BAFTA's.