Josef Kramer | ||
militêr | ||
Josef Kramer yn augustus 1945 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
bynamme | 'It bist fan Bergen-Belsen' | |
nasjonaliteit | Dútsk | |
berne | 10 novimber 1906 | |
berteplak | München | |
stoarn | 13 desimber 1945 (39 jier) | |
stjerplak | Hamelen | |
wurkpaad | ||
tsjinsttiid | 1934 - 1945 | |
yn tsjinst fan | nazy-Dútslân | |
legerûnderdiel | Schutzstaffel | |
heechste rang | SS-Hauptsturmführer | |
befel | Kampkommandant | |
konflikt(en) | Twadde Wrâldoarloch | |
ûnderskiedings | Krús foar Oarlochsfertsjinste | |
oar wurk | Elektrisjen, boekhâlder |
Josef Kramer (München, 10 novimber 1906 - Hamelen, 13 desimber 1945) wie in Dútsk konsintraasjekampkommandant yn Natzweiler-Struthof, Auschwitz-Birkenau en Bergen-Belsen.
Kramer sleat him yn 1933 by de SS oan en gie yn ferskate konsintraasjekampen oan 't wurk. Yn 1945 wiene der yn Bergen-Belsen, it lêste kamp dêr't er kommandant fan wie, by de befrijding fan dat kamp goed 50.000 mensen. De alliearden fûnen dêr mear as 13.000 stoflike omskotten.
Josef Kramer waard ûnder de Bergen-Belsen prosessen op 17 novimber 1945 troch in Britske militêre rjochtbank yn Lüneburch ta de dea feroardield en yn de finzenis fan Hamelen op 13 desimber 1945 middels de galge eksekutearre. It fûnis waard útfierd troch de ferneamde Ingelske beul Albert Pierrepoint.