Josef Stalin (Georgysk: იოსებ ბესარიონის ძე ჯუღაშვილი, oarspronklike namme Iosseb Bessarionis dze Dzjoegasjvili, Russysk: Иосиф Виссарионович Сталин, Iosif Vissarionovitsj Stalin; 18 desimber j.k. 6 desimber 1878, Gory – 5 maart 1953, Koentsevo) wie de twadde lieder fan de Sowjetuny, fan 1928 oant syn dea. Syn diktatoriale en bysûnder wrede bewâld brocht it lân ta in grutte ekonomyske groei. Dy ekonomyske groei hat lykwols miljoenen minskelibbens koste.