Judit (bibelboek)

Judit
algemiene gegevens
oarspr. titel יְהוּדִית ("Yehūḏīṯ")
auteur anonimus
taal Hebriuwsk of Arameesk (?)
foarm koart ferhaal
sjenre likenis (histoaryske fiksje?)
skreaun 2e iuw f.Kr. (?)
bondel Bibel
rige
rige Apokrife taheakken oan it A.T.
● foarich diel gjint (is 1e taheakke)
● folgjend diel Wysheid fan Salomo
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Judit
publikaasje 1978, Haarlim/Bokstel
útjouwer NBG & KBS
oersetter F. Dijkstra
ISBN oers. 9 06 12 60 817

Judit, yn it Hebriuwsk: יְהוּדִית, Yehūḏīṯ (in frouljusnamme dy't "priizge" of "joadinne" betsjut; de froulike foarm fan "Juda"), is in deuterokanonyk of apokryf boek fan 'e Bibel. Gjin inkele streaming fan it joadendom erkent it as kanonyk, en it heart dus net ta de joadske Tenach. Wat it kristendom oanbelanget, wurdt Judit troch alle protestantske tsjerken as apokryf beskôge. Allinne de Anglikaanske Tsjerke lit it as regel ôfprintsje yn syn bibels, mar ûnder it betingst dat it net bedoeld is om 'e tsjerklike lear op te basearjen (dus inkeld foar de nijsgjirrigens). Yn 'e bibels fan oare protestantske denominaasjes wurdt it soms (mar lang net altyd) ek wol werjûn as nuttige mar opsjonele taheakke oan it Alde Testamint. Dat is bgl. it gefal yn 'e Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978, wêryn't it as earste fan tolve apokrife bylagen tafoege is.

De Roomsk-Katolike Tsjerke, lykwols, rekkenet Judit wol deeglik ta de kanon en dêr makket it sadwaande gewoan ûnderdiel út fan it Alde Testamint, en stiet it folgjend op Tobit, in oar apokryf boek, tusken de kanonike boeken fan Nehemia en de Psalmen yn. Itselde is it gefal yn 'e kanons fan 'e eastersk-otterdokse en oriïntaalsk-otterdokse tsjerken (lykas de Gryksk-Otterdokse, de Russysk-Otterdokse, de Georgysk-Otterdokse, de Armeensk-Otterdokse, de Syrysk-Otterdokse, de Etiopysk-Otterdokse en de Koptyske Tsjerke).

Judit fertelt it ferhaal fan 'e joadske widdo mei deselde namme, dy't har stêd rêdt fan 'e fijân troch de fijannige legeroerste de holle ôf te houwen. De bedoeling fan it ferhaal is om oan te tsjutten dat tsjin God nimmen op kin: mei ien frou kin er noch in hiele leger ferslaan. Judit wie oarspronklik mooglik skreaun yn it Hebriuwsk of it Arameesk, mar is inkeld oerlevere yn in net al te bêste Grykske oersetting yn 'e Septuaginta. Alle bekende Hebriuwsktalige ferzjes datearje út 'e Midsiuwen of noch letter. It ferhaal befet in grut tal anagronismen, dy't de measte moderne bibelwittenskippers en teologen derfan oertsjûge hawwe dat it hjir giet om in net-histoaryske fertelling, sadat Judit mooglik it bêste sjoen wurde kin as in likenis of miskien as ien fan 'e earste histoaryske romans, dy't mooglik datearje kinne soe út 'e twadde iuw f.Kr.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne