Judith Shakespeare | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Ingelsk | |
berne | 2 febrewaris 1585 (doopt) | |
berteplak | Stratford-upon-Avon (Ingelân) | |
stoarn | 9 febrewaris 1662 (begroeven) | |
stjerplak | Stratford-upon-Avon (Ingelân) | |
etnisiteit | Ingelsk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | húsfrou | |
reden bekendheid |
dochter fan de toanielskriuwer William Shakespeare |
Judith Shakespeare (doopt 2 febrewaris 1585 – begroeven 9 febrewaris 1662) wie in dochter fan 'e wiidferneamde Ingelske toanielskriuwer en dichter William Shakespeare en dy syn frou Anne Hathaway. Hja wie de jongere suster fan Susanna Shakespeare en de twillingsuster fan 'e jong ferstoarne Hamnet Shakespeare. Sy en Hamnet wiene neamd nei freonen fan 'e Shakespeares, in troud pear dat fan Hamnet en Judith Sadler hiet. Hamnet Sadler wie bakker te Stratford-upon-Avon.