Jumanji: Welcome to the Jungle

Jumanji: Welcome to the Jungle
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Jake Kasdan
produsint Matt Tolmach
William Teitler
senario Chris McKenna
Erik Sommers
Scott Rosenberg
Jeff Pinkner
basearre op Jumanji fan Chris Van Allsburg
kamerarezjy Guyla Pados
muzyk Henry Jackman
filmstudio Columbia Pictures
Matt Tolmach Productions
Seven Bucks Productions
Radar Pictures
distribúsje Sony Pictures Releasing
spilers
haadrollen Dwayne Johnson
Kevin Hart
byrollen Jack Black
Karen Gillan
Nick Jonas
Bobby Cannavale
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 5 desimber 2017
foarm langspylfilm
sjenre fantasy-aventoerekomeedzje
taal Ingelsk
spyltiid 119 minuten
budget en resultaten
budget $90-150 miljoen
opbringst $962,1 miljoen
filmsearje
filmsearje Jumanji
● foarich diel Jumanji
● folgjend diel Jumanji: The Next Level
Dizze side giet oer de film út 2017 Jumanji: Welcome to the Jungle. Foar de film Welcome to the Jungle út 2003, ek mei Dwayne Johnson yn 'e haadrol, sjoch: The Rundown.

Jumanji: Welcome to the Jungle is in Amerikaanske fantasy-aventoerekomeedzje út 2017 ûnder rezjy fan Jake Kasdan, mei yn 'e haadrollen Dwayne Johnson en Kevin Hart. De titel betsjut "Jumanji: Wolkom yn it Oerwâld". De film is it twadde diel fan 'e Jumanji-filmsearje, en is as sadanich it ferfolch op 'e film Jumanji, út 1995, mei yn 'e haadrol Robin Williams. It ferhaal giet oer in groepke teenagers dat yn it magyske fideospultsje Jumanji sûgd wurdt. Se krije avatars oanmetten dy't hielendal net by harren passe en moatte it spultsje winne as se der ea wer útkomme wolle. Jumanji: Welcome to the Jungle krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy en groeide yn 'e bioskopen út ta in grut kommersjeel súkses. In trêde film yn 'e rige, Jumanji: The Next Level, kaam út yn 2019.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne