Jumanji | ||
betinker | Chris Van Allsburg | |
eigner | Houghton Mifflin Harcourt (boeken) Columbia Pictures (films) | |
lân | Feriene Steaten | |
begjinjier | 1981 | |
films | ||
langspylfilms | ● Jumanji ● Zathura: A Space Adventure ● Jumanji: Welcome to the Jungle ● Jumanji: The Next Level | |
tillefyzje | ||
tekenfilmsearjes | Jumanji | |
spultsjes | ||
fideospultsjes | ferskaat, sjoch hjirre | |
boerdspullen | ferskaat, sjoch hjirre | |
literatuer | ||
boeken | ● Jumanji ● Zathura | |
muzyk | ||
soundtracks | ● Jumanji ● Zathura ● Jumanji: Welcome to the Jungle ● Jumanji: The Next Level |
Jumanji (útspr.: [ʤuˈmanʤi], likernôch: "dzjû-man-dzjy") is in Amerikaanske mediafranchise op basis fan it berneboek Jumanji, dat yn 1981 publisearre waard troch Chris Van Allsburg, en it ferfolch dêrop, Zathura. It draait om in pear magyske spullen, dy't de spilers nei binnen ta sûge en twinge om it spultsje út te spyljen as se it oerlibje wolle. Anno 2023 bestiet de franchise út fjouwer films mei in fyfdenien op til, in tekenfilmsearje, in stikmannich fideospultsjes en boerdspullen, de by de films hearrende soundtrackalbums en in ferskaat oan merchandising. De films allinne al hawwe mei-inoar yn 'e bioskopen goed $2 miljard opbrocht.