Kampaanje Campania | |
---|---|
Flagge | Wapen |
![]() |
![]() |
Lokaasje yn Itaalje | |
![]() | |
Algemien | |
Haadstêd | Napels |
Oerflakte | 13.670,95 km² |
Befolking | 5.580.323 (30.06.2024) |
Befolkingstichtens | 408,19 ynw./km² |
Oare ynformaasje | |
Heechste punt | Monte Cervati: 1.898 m |
Oantal gemeenten | 550 |
Provinsjes | Avellino, Benevento, Caserta, Napels, Salerno |
Kampaanje of Kampanië (Italjaansk: Campania) is in regio yn Súd-Itaalje, dy't oprjochte waard yn 1948. Kampaanje grinzget oan de regio's Latium, Molise, Apûlje en Basilikata en oan de Tyrreenske See. De namme is streekrjocht út it Latyn ôflaat, want de Romeinen neamden de regio nammentlik Campania felix, wat lokkich lânskip betsjutte. De haadstêd is Napels en de regio is opdield yn fiif provinsjes.
Tusken 600 en 200 f.Kr. wie Capua de wichtichste stêd fan Kampaanje. Yn de iere midsiuwen wie dat Amalfi en yn de lette midsiuwen waard Napels de dominante stêd en is dat ek bleaun.