Kanker (Latyn: neoplasma malignum) is in oandwaning dy't omskreaun wurdt troch de folgjende ferskynsels:
der binne sellen dy't har wyld fermannichfâldigje en dêrmei trochgeane;
de woekerjende sellen kringe troch yn it omlizzend weefsel en rjochtsje dêr skea oan (ynvasive groei oftewol ynfiltraasje);
de woekerjende sellen ferspriede har ek nei oare plakken yn it lichem (metastasearring oftewol útsiedding). Dat bart fia de lymfefetten (lymfogene metastasearring), fia it bloed (hematogene metastasearring) en yn lichemsholten (bgl. de búkholte).
Hast alle medyske spesjalismen hâlde har dwaande mei kanker, mar benammen spesjalisten yn de onkology en radioterapy hawwe har spesjalisearre yn it behanneljen fan kanker. Yn 2008 wie kanker yn Nederlân foar it earst de wichtichste deadsoarsaak.