It kantongerjocht of sektor kanton is yn Nederlân ien fan de sektoaren fan de rjochtbank. Oant 2002 bestie foar kantonsaken in aparte rjochterlike ynstânsje: it kantongerjocht. Dêrnei is it kantongerjocht as aparte sektor opnommen yn de rjochtbank. De (altyd allinnichsprekkende) rjochter bleau wol de titel kantonrjochter hâlden. Troch dizze wiziging moat men tsjin fûnisen fan de kantonrjochter ynstee fan by de rjochtbank tsjintwurdich daliks by it gerjochtshof yn heger berop.
Ta kantonrjochter wurde allinnich bedreaune rjochtbankrjochters beneamd. Dit liket frjemd, omdat kantonrjochters faak lytsere saken behannelje. Se moatte lykwols wol alle rjochtsgebieten behearskje (strafrjocht, en alle terreinen fan it sivile rjocht) en sprekke dêrneist selsstannich rjocht.