kaptein Phasma personaazje út Star Wars | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
sekse | froulik | |
soarte personaazje | minske | |
nasjonaliteit | Galaktysk | |
berop/amt | militêr | |
oare ynformaasje | ||
besibbe personaazjes |
Finn generaal Hux Kylo Ren Rose Tico | |
geastlike heit | J.J. Abrams | |
ûntstean | 2015 |
Kaptein Phasma (Ingelske útspr.: [ˈfæzmə], likernôch: "fêz-muh) is in fiktyf personaazje fan minder belang út 'e Star Wars-franchise. Hja is ien fan 'e antagonisten yn 'e earste beide films fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy, dy't tusken 2015 en 2017 makke waarden. It personaazje fan Phasma waard betocht troch J.J. Abrams, de regisseur en mei-senarioskriuwer fan it earste diel, Star Wars: Episode VII – The Force Awakens. Kaptein Phasma is in minsklike frou dy't fungearret as kommandante fan 'e stoarmtroepers fan 'e faksistoïde Earste Oarder. Se is folslein ûnmeilydsum en draacht altyd in sulverkleurige stoarmtroeperwapenris, kompleet mei gesichtsbedekkende helm. De rol fan Phasma waard yn beide films fertolke troch aktrise Gwendoline Christie.