Karel F. Gildemacher

K.F. Gildemacher

Karel F. Gildemacher, folút: Karel Ferdinand Gildemacher (Snits, 1946) is in Frysk publisist op it mêd fan taalhistoarje, kultuerhistoarje en nammekunde.

Gildemacher wie learaar Frysk, direkteur fan Instituut Onderwijs CHN en ferbûn oan de Fryske Akademy as nammekundige. Hy is yn 1993 promovearre op in dissertaasje oer Fryske wetternammen. Hy siet ek yn de redaksje fan de Nieuwe Encyclopedie van Fryslân. De lêste jierren skriuwt er kollumns yn de Ljouwerter Krante.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne