Metropolitane Katedraal fan 'e Unbesmodzge Untfinzenis Basilika Menore at Kalakhang Katedral ng Kalinis-linisang Paglilihi | ||
![]() | ||
![]() | ||
Lokaasje | ||
lân | ![]() | |
plak | ![]() | |
adres | Beaterio St, Cabildo St, Intramuros | |
koördinaten | 14° 35'N 120° 58'E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
patroanhillige | Marije | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Fernando Ocampo | |
boujier | 1954-1958 | |
boustyl | neoromaanske arsjitektuer | |
Kaart | ||
De Metropolitane Katedraal fan 'e Unbesmodzge Untfinzenis is de biskopstsjerke fan it aartsbisdom Manilla yn (Filipynsk: Basilika Menore at Kalakhang Katedral ng Kalinis-linisang Paglilihi; Spaansk: Basílica Menor y Catedral Metropolitana de la Inmaculada Concepción) yn 'e binnenstêd fan Manilla op 'e Filipinen. De katedraal is wijd oan 'e ûnbeflekte ûntfinzenis fan 'e Jongfaam Marije, de wichtichste beskermhillige fan it lân.
Oarspronklik waard de katedraal yn 1571 as parochytsjerke fan it aartsbisdom Meksiko boud. Mei de bul Illius Fulti Præsido fan paus Gregoarius XIII waard it in apart bisdom.
De katedraal waard sûnt de foltôging fan 'e oarspronklike tsjerke yn 1581 ferskate kearen troch ierdskoddings en kriich skansearre en ferneatige. It achtste en hjoeddeiske bouwurk op it plak waard ûnder lieding fan 'e arsjitekt Fernando Ocampo yn 1958 foltôge.
De pausen Paulus VI, Jehannes Paulus II en Fransiskus brochten in besite oan 'e katedraal. Op 27 april 1981 krige de katedraal fan paus Jehannes Paulus II de status basilica minor.
Yn 'e katedraal binne ferskate aartsbiskoppen en kardinalen byset.