Kening Jan (toanielstik)

Kening Jan
algemiene gegevens
oarspr. titel King John
auteur William Shakespeare
taal Ingelsk
foarm toanielstik
sjenre trageedzje
skreaun 1590-er jierren
1e publikaasje 1623, Londen
bondel First Folio
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Kening Jan
publikaasje 1965, Drachten
útjouwer Fryske Shakespeare Stifting
oersetter Douwe Kalma

Kening Jan, yn it oarspronklike Ingelsk: King John (folút eins: The Life and Death of King John, "Libben en Dea fan Kening Jan"), is in toanielstik fan 'e hân fan 'e wiidferneamde Ingelske skriuwer en dichter William Shakespeare. It is yn prinsipe in trageedzje, hoewol't it yn 'e tradisjonele yndieling fan Shakespeare syn wurk ûnder de Shakespeariaanske histoaryske stikken falt. Sa't de titel al oanjout, is dit stik basearre op it libben fan kening Jan fan Ingelân, dy't regearre fan 1199 oant 1216, al hat it toanielstik net bot wei fan 'e histoaryske foarfallen. Kening Jan moat earne yn 'e 1590-er jierren skreaun wêze, mar it waard pas foar it earst útjûn as ûnderdiel fan 'e First Folio, yn 1623. De Fryske oersetting fan Douwe Kalma ferskynde yn 1965.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne