Keninkryk Bretanje Rouantelezh Breizh | |
---|---|
851 – 939 | |
geografyske lokaasje | |
De útwreiding fan it Keninkryk Bretanje tusken 845 en 867. | |
polityk | |
haadstêd | gjin fêste haadstêd |
offisjele taal | Bretonsk |
steatsfoarm | monargy (keninkryk) |
ûntstien út | ● Broërec ● Cournouaille ● Domnonée |
opgien yn | ● Hartochdom Bretanje ● Greefskip Roeaan ● Keninkryk West-Frânsje |
no diel fan | Frankryk |
sifers | |
ynwennertal | ûnbekend |
befolkingstichtens | ûnbekend |
oerflak | ±40.000 km² (867) |
bykommende ynformaasje | |
muntienheid | denaarje |
It Keninkryk Bretanje (Bretonsk: Rouantelezh Breizh) wie in Midsiuwsk keninkryk yn Noardwest-Jeropa dat it skiereilân Bretanje en ferskate oanbuorjende gebieten besloech. It wie in fazalsteat fan it Frankyske Ryk dy't him om 851 hinne losskuorre koe troch de gaos dy't ynterne skelen en de ynfallen fan 'e Wytsingen mank de Franken feroarsaken. De stifter fan it Keninkryk Bretanje wie Nominoë, dy't yn Bretanje noch altyd as heit fan it heitelân sjoen wurdt. It keninkryk bestie mar koart, en waard yn 'e earste helte fan 'e tsiende iuw ûnder fuotten helle troch de Wytsingen. Nei't de Bretonnen it útlânske jok ôfsmiten hiene, waard harren keninkryk yn 939 omfoarme ta it ûnôfhinklike en soevereine Hartochdom Bretanje.