Keninkryk Kent

Brittanje om 800 hinne

It Keninkryk Kent (Cent yn it Aldingelsk, Cantia regnum yn it Latyn) wie in koloanje fan de Juten en letter in selsstannich keninkryk yn wat no de regio Súd-east Ingelân is. It waard stifte op in ûnbekende datum yn de 5e iuw troch Juten dy’t nei it weromlûken fan de Romeinen kamen. It wie ien fan de tradisjonele keninkriken fan de saneamde heptargy, mar it ferlear syn ûnôfhinklikens yn de 8e iuw, doe’t it in sub-keninkryk fan Mersia waard. Yn de 9e iuw waard it in sub-keninkryk fan Wesseks en yn de 10e iuw waard in part fan it feriene Keninkryk Ingelân dat ûnder lieding fan Wesseks skept wie. Syn namme is sûnt bewarre bleaun yn dat fan it greefskip Kent.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne