De kerstening fan de Friezen wie it proses dêr't de Friezen harren âlde heidenske leauwen loslieten en ynruilen foar it leauwen yn Jesus Kristus. Dit kerstenjen barde yn in tiidrek fan om-ende-by in iuw en begûn op 'e ein fan de 7e iuw en wie op 'e ein fan de 8e iuw sa goed as folslein.
Oer it generaal hat it proses hiel stadich ferrûn, mar der binne ek koarte perioaden west fan weromfallen nei it âlde leauwen, lykas yn de jierren fan de Frankyske Boargerkriich (714-719) doe't Willibrord flechte moast, yn 754 doe't Bonifatius mei syn maten yn Dokkum fermoarde waard en yn 782 by de opstân fan de Friezen en Saksen. De kerstening fan de Friezen gong foaral lykop mei de útwreiding fan it Frankyske Ryk.