Kleilieten | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | איכה ("Eiḵah") | |
auteur | anonimus (Jeremia?) | |
taal | Hebriuwsk | |
foarm | poëzij | |
sjenre | klaachlieten | |
skreaun | koart nei 586 f.Kr. | |
bondel | Bibel | |
rige | ||
rige | Alde Testamint | |
● foarich diel | Jeremia | |
● folgjend diel | Ezechiël | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Kleilieten | |
publikaasje | 1943, Haarlim | |
útjouwer | Nederlands Bijbelgenootschap | |
oersetter | G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma |
De Kleilieten, yn it oarspronklike Hebriuwsk: איכה, Ēiḵāh ("Hoe't"), foarmje in boek fan dichterlike rousangen yn sawol de joadske as de kristlike Bibel. Yn 'e joadske Tenach is it it 20ste boek (fan 24) en falt it ûnder de Ḵeṯuḇim (de "Geskriften"); yn it Alde Testamint fan 'e kristlike Bibel is it (neffens de Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978) it 25ste boek (fan 39) en heart it ta de Grutte Profeten (fanwegen de eardere oertsjûging dat it skreaun is troch de profeet Jeremia). De Kleilieten beklage de fal fan Jeruzalim en de ferwuostging fan 'e Timpel yn 586 f.Kr. troch de Babyloaniërs ûnder kening Nebûkadnêzar II. Neffens de joadske tradysje wurde de Kleilieten foarlêzen op Tisha B'Av ("de Njoggende fan Av"), de fertrietlikste dei fan 'e joadske kalinder, wannear't de ferwuostging fan sawol de Earste as de Twadde Timpel berouwe wurdt. De earste folsleine Fryske oersetting derfan stie yn 'e fertaling fan it Alde Testamint, fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dy't yn 1943 útkaam.