Knooppunt It Hearrenfean

It plak fan it knooppunt
It klaverblêd
Knoopunt It Hearrenfean yn 2000

It knooppunt It Hearrenfean is in ferkearsknooppunt op It Hearrenfean. By it klaverblêd binne de ryksdiken A7, dy't fan Saandam nei de Dútske grins by Nijeskâns rint, en de A32, tusken Meppel en Ljouwert, mei inoar ferbûn.

It knooppunt waard iepene yn 1956 as in ferkearsplein, yn de foarm fan in rotonde. Op 10 juny 1998 waard it nije klaverblêd iepene dat it âlde ferkearsplein ferfong[1].

  1. www.autosnelwegen.nl: dossier A32

From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne