It knooppunt Surch is in ferkearsknooppunt yn Fryslân op de Kop fan de Ofslútdyk, tusken de doarpen Surch en Koarnwert, en ferbynt de A7 (Saandam-Den Oever-It Hearrenfean-Grins-Nijeskâns) mei de A31/N31 (Surch-Harns-Ljouwert-Drachten).
It knooppunt is neamd nei it doarp Surch dat 1,4 km benoarden it knooppunt leit.