De Kodeks Mendoza (ek bekend as: Kodeks Mendocino en La colección Mendoza) is in Azteekske kodeks, tweintich jier nei de Spaanske ferovering fan Meksiko skreaun, mei it doel dat de Karel V fan it Hillige Roomske Ryk, ek kening fan Spanje, it lêze soe. De hânskrift jout in skiednis fan de Azteekske hearskers en har ferôverings, in list mei kontribúsjes betelle troch ferôvere stêden en in beskriuwing fan it deistich libben fan de Azteken. It is tekene yn tradisjonele Azteekse piktogrammen en jout Spaanske ferklearingen en kommintaar.
De kodeks is neamd nei Antonio de Mendoza, destiidsk ûnderkening fan Nij-Spanje, dy't faaks ek de opdracht ta it meitsjen fan de kodeks joech. Sûnt 1659 wurdt de kodeks bewarre yn de Bodleian bibleteek fan de Universiteit fan Oxford.