Kollaboraasje is gearwurkjen mei de fijân, dat it betsjut krimineel hanneljen yn tsjinst fan de besetter en ek handélich wêze yn moard, ferfolgings, ekonomysk útrûpeljen en meiwurking oan marionetteregearings.
It begryp is ôflaat fan it Franske werkwurd collaborer dat gearwurkjen betsjut. It wurd krige syn negative betsjutting yn de Earste en de Twadde Wrâldkriich. Dat kollaboraasje hat te krijen mei gearwurking mei in (útlânske) fijân, en rjochtet him tsjin de eigen oerheid. Persoanen dy't harren skuldich makke hawwe oan kollaboraasje wurde kollaborateurs neamd. Yn Belgje hat men it ek wol oer incivieken of swarten.
It feroardieljen fan kollaboraasje hinget gear mei it feit dat de 20e-iuwske naasjesteaten fiergeande loyaliteit fan harren boargers easken. Yn 1814 lykwols, nei sa'n tweintich jier Frânske besetting, hie gearwurking mei de Frânsken amper in probleem west. In oertsjûge oanhinger fan it Frânske bestjoer as Surlet de Chokier, waard yn 1816 sels opnaam yn de Nederlânske adel en yn 1831 de earste regint fan Belgje.