De Kolonel Palmkazerne wie in militêre kazerne yn it Noard-Hollânske plak Bussum. De kazerne waard yn 1939 yn gebrûk nomd, nei in ûntwerp fan Kapitein fan de sjeny A.G. Boost.[1]
Yn de Twadde Wrâldoarloch wie de kazerne in finzenis fan de Dútsers. Yn 1944 waard troch de alliearden in bombardemint op de finzenis útfierd.
De Kolonel Palmkazerne sluet begjin 2006. It Opliedings- en Treningssintrum Logistyk fan de Keninklike Lânmacht ferhuze nei de Olivier Ketting- en de Du Moulinkazerne yn Soesterberch. By it opliedingssintrum op de Palmkazerne yn Bussum wurken ûngefear 350 persoanen.
Op termyn ( ± 2011) sil de kazerne in nije bestimming krije. It grutste diel fan de kazerne sil sloopt wurde, wêrnei't der nijbou komme sil. Tocht wurdt oan wenningen (± 60 oant maksimaal 200), en in lytsskalich bedriuweterrein. Ek 'wurdt sjoen' oft in tennispark út de súdwestrâne fan Bussum (Tennissintrum Bosheim) nei it terrein fan de Palmkazerne ferpleatst wurde kin.