Kometen binne lytse hemellichems dy't frij faak tige elliptyske banen om in stjer draaie en út iis, gas en stof bestean ("smoarge snieballen"). As in komeet ticht genôch by in stjer komt en waarmer wurdt sublimearret in diel fan de matearje wêrút se bestiet om in saneamde koma (in atmosfear) en/of in komeetsturt te foarmjen. It fêste diel fan de komeet wurdt dan de komeetkearn neamd.
Kometen besteane út in kearn (1-50 kilometer) mei dêromhinne in gaswolk (koma) fan 100.000-1.000.000 kilometer grut en ien of mear lange sturten (oant mear as 150 miljoen kilometer lang). De omrintiid om de stjer kin in jier oant tûzenen jierren bedrage.