Konkurrinsje

Subway, FEBO, Burger King en McDonald's: fjouwer konkurrearjende fastfoodrestaurants njonkeninoar.
Dizze side giet oer it ekonomyske begryp. Foar de striid om it gebrûk fan itselde biotoop troch organismen mei oerienkomstige behoeften, sjoch: konkurrinsje (ekology).

Konkurrinsje (fan it Frânske concurrence) is yn 'e ekonomy de striid tusken ferskate partijen om krappe helpmiddels en/of om in oandiel yn in beheinde merk. De 'partijen' (of konkurrinten) binne dêrby leveransiers fan gelikense of substituëarbere artikels mei deselde konsuminten. Yn sa'n sitewaasje giet de winst fan 'e iene partij almeast yn it neidiel fan de oare partijen.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne