In konsintraasjekamp is in kamp dêr't minsken, meastal ûnder militêre twang, byelkoar brocht wurde. It is in ynrjochting om politike tsjinstanners of oars net winske minsken op grûn fan etnyske, religieuze as sosjale skaaimerken te isolearjen en psychysk en/of fysyk te brekken, en yn guon gefallen dea te dwaan. It opsluten yn in kamp bart meast troch administrative hannelingen, sûnder rjochtspraak en rjochtshelp, foar in ûndúdlike tiid en sûnder dat minsken der wat oer te sizzen hawwe. It begryp konsintraasjekamp wurdt troch de measte minsken streekrjocht yn ferbân brocht mei it gebrûk yn de Twadde Wrâldkriich.