Gemeente Korendijk
| |||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|
![]() | |||||||
Provinsje | ![]() | ||||||
Boargemaster | Servaas Stoop (SGP) (lêste boargemaster) | ||||||
Haadplak | Piershil | ||||||
Oerflak | km² | ||||||
Ynwenners | |||||||
Ferkearsieren | |||||||
Netnûmer | 0186 | ||||||
Postkoades | 3264-5, 3267, 3284 | ||||||
Offisjeel webstee | www.korendijk.nl |
Korendijk wie ien fan de fiif gemeenten op it eilân Hoekske Waard yn de Nederlânske provinsje Súd-Hollân. Sûnt 1 jannewaris 2019 is de eardere gemeente Korendijk tegearre mei de gemeenten Binnenmaas, Strijen, Cromstrijen en Ald-Beierlân part fan de nije gemeente Hoekske Waard. It eilân Tiengemeten hearde ek by de gemeente.
It gemeentehûs stie yn Piershil. Lânbou en beamhôven nimme it measte romte yn it gebiet fan de eardere gemeente. De diken wurde begerske troch skiep en kij. Op Tiengemeten rinne ek in tal Skotske Heechlanners. It gebiet skaaimerket him troch it griene en stille karakter en lûkt in soad deitoeristen.