Kristjan Palusalu

Kristjan Palusalu
sporter
Kristjan Palusalu (1936)
Kristjan Palusalu (1936)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Kristjan Palusalu
nasjonaliteit  Estysk
bertedatum 10 maart 1908
berteplak Saulepi
stjerdatum 17 july 1987
stjerplak Tallinn
lingte 1.85 m
gewicht 110 kg
sportive ynformaasje
sport Wrakseljen
ûnderdiel Gryksk-Romeinsk
Frije Styl
O.S. Berlyn 1936
debút 1930
karriêre-ein 1938
wichtige prestaasjes
Goud grut goud 2x Olympyske Spullen 1936
Goud grut goud 1x EK 1937

Kristjan Palusalu (berne as: Christian Trossmann) (Saulepi, 10 maart 1908 - Tallinn, 17 july 1987) wie in Estyske wrakselder.

Palusalu begûn pas mei wrakseljen yn 1929, doe't er al 21 jier âld wie en by de Estlânske marine tsjinne. Palusalu wûn syn earste medalje yn 1930, brûns by it frije styl swiergewicht, op de Estlânske kampioenskippen.

Estlân stjoerde gjin Olympysk team nei de Olympyske Spullen fan 1932 fanwegen de Grutte Depresje, dus makke Palusalu syn ynternasjonale debút op de Europeeske kampioenskippen Gryksk-Romeinsk yn 1933, dêr't er fjirde waard yn it swiergewicht.

Hy die yn 1936 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Hy waard yn Berlyn twafâldich Olympysk kampioen by it Gryksk-Romeinsk en it frije styl wrakseljen yn de klasse oer 87 kg.

Nei de Olympyske Spelen wûn Palusalu yn 1937 de Europeeske titel yn it swiergewicht Gryksk-Romeinsk, mar hy moast begjin 1938 ophâlde mei de sport fanwege in slimme skouderblessuere.

Fan 1933 oant 1940 wurke Palusalu as finzenebewarder yn de sintrale finzenis fan Tallinn. Yn 1940, doe't de Sovjet-Uny Estlân anneksearre, waard Palusalu nei in Kotlas wurkkamp yn Archangelsk (oblast) stjoerd. Palusalu wist yn 1941 mei in pear maten te ûntkommen, mar hy waard pakt en ta de dea feroardiele. Dy waard omset, allinnich waard er nei it front stjoerd op de Karelyske Lâningte tsjin de Finnen. Koart nei oankomst oan it front besocht Palusalu oer te stekken en waard gelokkich werkend troch Heikki Savolainen, in turner dy't tsjinne as luitenant-kolonel by it Finske leger, dy't der foar soarge dat Palusalu oerstekke koe. Palusalu kearde werom nei it no troch de Dútsers besette Estlân, mar waard opnij arrestearre troch de Sovjets yn 1944 doe't se Estlân opnij besetten. Palusalu waard nei in Sibearysk finzenkamp stjoerd, mar waard nei twa jier frijlitten. Nei syn frijlitting kaam Palusalu werom nei Estlân, mar mocht ynearsten net as wrakselcoach wurkje of as wrakselskiedsrjochter optrede fan Sovjetfunksjonarissen. Oant syn pinsjoen yn'e lette 1970-er jierren wurke Palusalu yn de bou.
Kristjan Palusalu ferstoar op 17 july 1987, yn 'e âldens fan 79 jier.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne