In kryptogram is in bysûndere foarm fan in krúswurdriedling. De omskriuwing fan yn te foljen wurden is makke op in kryptyske, ferburgen manier. Troch kreatyf neitinken en troch assosjearjen kin men ta de oplossing komme. De omskriuwings by in kryptogram binne yn it earste oankommen fakentiden tige ûnlogysk. Mei goed lêzen is lykwols wol út te finen wat de bedoeling wie fan de makker. Om ta in oplossing te kommen is it wichtich alle wurden fan de sin op harren betsjutting(s) of synonimen en homonimen te besjen en net sasear te sjen nei de frjemd formulearre sin as ien gehiel. Meastentiids is it in spultsje fan ‘sjen’. Ien fan de meast foarkommende reaksjes by it oplossen fan kryptogrammen is dan ek faak: ‘Och ja...!’