Laag-Keppel

Laag-Keppel
Kastiel Keppel
Flagge Wapen
Polityk
Lân Nederlân
Provinsje Gelderlân
Gemeente Bronckorst
Sifers
Ynwennertal 595 (2020) [1]
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 51° 59′ NB 6° 13′ EL

Laag-Keppel is in stedsje yn de Gelderske gemeente Bronckhorst. It plak leit yn de Achterhoek oan it rivierke de Alde Isel tusken Doetinchem en Doesburg.

Laag-keppel krige yn 1404 stedsrjochten en leit noardlik fan it doarp Hummelo. Noardwestlik lizze de doarpen Hoog-Keppel, Voor-Drempt en Achter-Drempt en súdwestlik it buorskip Eldrik. Mei Laag-Keppel foarmen dy doarpen en it buorskip fan 1825 oan 2005 de eardere gemeente Hummelo en Keppel, dy't mei oare plakken yn de omkriten gearfoege waard ta de gemeente Bronckhorst.

  1. CBS

From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne