Lakota | ||
algemien | ||
eigen namme | Lakȟótiyapi | |
lânseigen yn | Feriene Steaten Kanada | |
tal sprekkers | 6.200 (1997) | |
skrift | Latynsk alfabet | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | ● Sûaansk ● Westsûaansk ● Mississippydellingsk ● Dakotaansk ● Sû ● Lakota | |
dialekten | Noardlik Lakota, Sintraal Lakota, Súdlik Lakota | |
taalkoades | ||
ISO 639-3 | lkt |
It Lakota (Ingelsk: Lakota; Lakota: Lakȟótiyapi, útspr.: [la'kˣo:tijapi]), ek noch wolris neamd ûnder de âlderwetske namme Titon (Ingelsk: Teton; Lakota: Thítȟuŋwaŋ, útspr.: ['tʰi:tˣũwã]) is de lânseigen taal fan 'e Lakota, in Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika, dy't tegearre mei it Dakota it gruttere Sû-taalkontinuum foarmet. It Lakota wurdt noch sprutsen yn it middennoarden fan 'e Feriene Steaten en it middensuden fan Kanada, mar it hat nearne offisjele status, noch genietet it erkenning. Der binne noch mar likernôch 6.200 sprekkers.