Latino's yn Noard-Amearika

Latino's

Taskôgers by in Kubaanske optocht yn Union City yn Nij-Jersey.
flagge

Latino's yn 'e súdwestlike F.S.

Latino's yn Kanada
populaasje
oantal 53.831.000 (2011/12)
taal Spaansk, Portegeesk
(ek Ingelsk, Frânsk)
godstsjinst kristendom, ateïsme,
agnostisisme
erkenning
steatsdragend folk gjin eigen steat
erkende minderheid gjin spesifike erkenning
fersprieding
Feriene Steaten: 52.961.000
Kanada:      870.000

Latino's foarmje in etnyske en linguïstyske minderheid yn 'e Feriene Steaten en Kanada. Yn 'e regel wurde ûnder dizze oantsjutting alle lju beflapt dy't Spaansktalich (of fan oarsprong Spaansktalich) binne en dy't út Midden- of Súd-Amearika komme (of wa har foarâlden oft dêrwei komme). In útsûndering foarmje dejingen dy't sels of wa har foarâlden oft út Brazylje komme, dat Portegeesktalich is; dy wurde soms wol en soms net ta de Latino's rekkene. Yn it Amerikaansk-Ingelsk is de term Latino frijwol synonym mei de likefolle brûkte oantsjutting Hispanic, mei it ferskil dat ta Hispanics ek lju út Spanje (of wa har foarâlden oft dêrwei komme) rekkene wurde. Foar dit artikel sil de breedste betsjutting fan "Latino's" oanholden wurde, dus ynkl. Brazyljanen en Spanjerts, of it moat wêze dat dat oars oanjûn wurdt.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne