Latium

Latium
Lazio
Flagge Wapen
Lokaasje yn Itaalje
Algemien
Haadstêd Rome
Oerflakte 17.242 km²
Befolking 5.718 884 (31.07.2024)
Befolkingstichtens 331,68 ynw./km²
Oare ynformaasje
Heechste punt Monte Terminillo: 2216 m
Oantal gemeenten 378
Provinsjes Vrosinone, Latina, Rieti, Rome, Viterbo

Latium (Italjaansk: Lazio) is in regio yn it sintrum fan Itaalje, dy't oprjochte waard yn 1948. De regio wurdt begrinzge troch Toskane, Umbrje, Abruzzen, Molise, Kampaanje en de Tyrreenske See. Haadstêd fan 'e regio is Rome. Njonken de metropolitane stêd Rome bestiet de regio út noch fjouwer provinsjes. De namme komt fan Latium, fan it âlde folk fan 'e Latinen. It is de widze fan 'e Latynske taal, en dêrmei ek fan alle Romaanske talen.

Mei Rome as haadstêd is Lazio in tige wichtich gebiet wat kultuer yn it algemien en skiednis, keunst, arsjitektuer, archeology, religy yn it bysûnder oanbelanget. Ek bûten Rome falt in protte te sjen op dat mêd.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne