Leia Organa

Leia Organa
personaazje út Star Wars
persoanlike bysûnderheden
sekse froulik
soarte personaazje minske
nasjonaliteit Galaktysk
berop/amt politika, rebel
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
Luke Skywalker
Anakin Skywalker
Padmé Amidala
Bail Organa
Han Solo
Kylo Ren
Chewbacca
attributen ikoanyske hierstyl
metalen bikiny
geastlike heit George Lucas
ûntstean 1976

Prinsesse Leia Organa (útspr.: [ˈleːja], likernôch: "lee-ja") is in ferneamd fiktyf personaazje út 'e Star Wars-franchise, dat mids 1970-er jierren betocht waard troch de Amerikaanske filmmakker George Lucas. Hja is in prinsesse fan 'e planeet Alderaan en in liedster fan it Rebelleferbûn tsjin it skrikbewâld fan it Galaktysk Keizerryk, "lang ferlyn yn in stjerrestelsel fier, fier fuort". Prinsesse Leia makke it alderearst har opwachting yn Star Wars: From the Adventures of Luke Skywalker, de ferboeking fan 'e earste Star Wars-film, dy't yn 1976 útkaam, in jier foàr de film. Se is lykwols it bekendst út 'e oarspronklike Star Wars-filmtrilogy (1977-1983), wêryn't se spile waard troch aktrise Carrie Fisher. Krapoan fjirtich jier letter spile Fisher deselde rol wer yn 'e Star Wars-ferfolchtrilogy (2015-2019). Prinsesse Leia is ûnlosmaklik ferbûn mei de ikoanyske hierstyl wêrby't har lang hier op 'e earen ta platte silinders draaid is. Hja waard in sekssymboal troch de metalen bikiny wêryn't se ferskynde yn 'e film Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne