Libramont is it haadplak en in dielgemeente fan de Belgyske gemeente Libramont-Chevigny. Libramont-Chevigny leit yn de provinsje Lúksemboarch.
Libramont hat in treinstasjon. De NMBS hat it spoar nei Bastenaken opheft yn 2003; yn 't plak dêrfoar is in busline kaam. Der kin noch wol mei de trein reizge wurde rjochting Dinant en Virton.
Libramont hat it Keltemuseum dat yn in eardere pastorij ûnderbrocht is.