Lightnin' Hopkins | ||
![]() | ||
![]() | ||
Lightnin’ Hopkins | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Sam John Hopkins | |
nasjonaliteit | ![]() | |
berne | 15 maart 1912 | |
stoarn | 30 jannewaris 1982 (69 jier) | |
wurkpaad | ||
sjenre | country, blues | |
sjongtaal | Ingelsk | |
ynstrumint | Gitaar, piano | |
jierren aktyf | 1946–1982 |
Lightnin' Hopkins, wiere namme Sam John Hopkins (Centerville, Teksas, 15 maart 1912 - Houston (Teksas), 30 jannewaris 1982), wie in Amerikaansk country bluessjonger, songwriter, komponist en gitarist út Houston yn Teksas. 'Lightnin' Hopkins (Poor Lightnin, sa't er him sels graach neamde), wie in grut fernijer fan de Teksasblues. Hy wurdt teffens beskôge as ien fan de pioniers fan de elektryske gitaar, in ynstrumint dat er lykas de akûstyske gitaar op in tige eigen wize bespile. Hopkins wie in echte hiemhûn en kaam net folle bûten Houston, dochs binne syn platen no yn de hiel wrâld populêr by bluesleafhawwers. Rolling Stone Magazine naam Hopkins as nûmer 71 op yn syn list fan de hûnderd bêste gitaristen fan alle tiden.
Yn 1980 waard Lightnin' Hopkins opnaam yn de Blues Hall of Fame.