Lilianne Ploumen

Lilianne Ploumen (2017)

Lilianne Ploumen (Maastricht, 12 july 1962) is in politika fan de PvdA. Sy hat op ferskate mêden yn de partij warber west. Oant 12 april 2022 wie sy de fraksjefoarsitter en listlûker fan de PvdA yn de Twadde Keamer.

Ploumen wie oant 2002 lid fan GrienLinks, dêrnei stapte se oer nei de PvdA. Fan 6 oktober 2007 oant 22 jannewaris 2012 wie sy foarsitter fan de partij. Op 5 novimber yn dat jier waard sy Minister fan Bûtenlanske Hannel en Ûntwikkelingsgearwurking yn it kabinet-Rutte II.

Doe't nei de ferkiezingen fan 2017, de PvdA in histoarysk min resultaat helle wêrby't it tal sitten fan 38 oant 9 werom gie, kaam Ploumen yn de Twadde Keamer. Hja wie dêr wurdfierder foar bûtenlanske saken en soarch.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne