Limassol

Limassol
Λεμεσός
Agia Napa-katedraal
Agia Napa-katedraal
Bestjoer
Lân Syprus
Distrikt Limassol
Sifers
Ynwennertal 108.105 (2021)
Oerflak 34,87 km²
Oar
Tiidsône UTC +2
Simmertiid UTC +3
Koördinaten 34° 40' N 33° 2' E
Offisjele webside
www.limassol.org.cy
Kaart
Limassol (Syprus)
Limassol

Limassol, ek wol stavere as Limasol (Gryksk : Λεμεσός, Lemesos, Turksk: Limasol), is in havenstêd op Syprus. De stêd leit yn it suden fan it eilân oan 'e Middellânske See en oan 'e Baai fan Akrotiri, noard fan it skiereilân Akrotiri. Limasol is de op ien nei grutste stêd op it eilân. It distrikt Limassol, dat it súdlikste diel fan it eilân beslacht, is nei de stêd neamd. Limassol is ek de haadstêd fan it distrikt Limassol.

Sûnt de dieling fan Syprus yn 1974 hat Limassol in rappe ekonomyske ûntwikkeling meimakke. Tsjintwurdich is it in belangryk finansjeel sintrum en hâlde in soad offshore-bedriuwen dêr kantoar. Ek stiet yn Limassol de Technnyske Universiteit fan Syprus.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne