Lingtemjitte

Lingte is ien fan de ôfmjittings fan in objekt. Yn it gefal fan in iendiminsjonaal objekt, lykas in linestik of in tou, is it ek de ienige ôfmjitting. Foar twadiminsjonale objekten, dy't min ofte mear as rjochthoekich beskôge wurde kinne, is de lingte trochgeans de grutste fan de beide ôfmjittings. Ek foar trijediminsionale objekten, dy't min ofte mear blokfoarmich binne, is de lingte trochgeans de grutste fan de trije ôfmjittings (neist breedte en hichte).


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne