Liuw | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
![]() Mantsje. ![]() Liuwinne. | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Panthera leo | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
kwetsber | ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
![]() Fersprieding liuw yn Afrika. ![]() It Gir-reservaat yn 'e Yndiaaske steat Gujarat, it lêste bolwurk fan 'e pear hûndert Aziatyske liuwen. |
De liuw (Panthera leo) is in bist út it skaai loaihoarsen (Panthera) út de famylje kateftigen (Felidae). Fan alle kateftigen is allinne de tiger grutter. It formaat en de moannen fan it mantsje jouwe it bist in ymposant oansjen, sadat de liuw op in soad plakken bekend stiet as de 'kening fan 'e bisten'. Yn Europa naam de liuw dy rol earst yn 'e rin fan 'e midsiuwen oer fan de brune bear.
De liuw hat fakentiden ûnderwerp fan symbolyk west. Sa is de liuw populêr yn 'e heraldyk. Ek op it Nederlânske wapen stiet in liuw.
Eartiids libbe de liuw yn Afrika, grutte dielen fan Súdwest-Aazje, it Midden-Easten en it súdwesten fan Europa, mar hjoed-de-dei is syn ferspriedingsgebiet beheind ta fragmintearre dielen fan Afrika en in lyts isolearre gebiet fan Noardwest-Yndia. Liuwen libje foar it measte yn groepen en dat is foar in kateftige útsûnderlik. De wyfkes geane yn 'e regel tegearre op jacht en ha in grutter oandiel yn 'e jacht as de mantsjes.