Lockheed T-33 | |
---|---|
Rol | treningsfleanmasine |
Makker | Lockheed |
Untwerper | Clarence "Kelly" Johnson |
Earste flecht | 22 maart 1948 |
Yn tsjinst | 1949 |
Ut tsjinst | 31 july 2017 (Boliviaanske Loftmacht) |
Tal makke | 6.557 (1948–1959) |
Grutste brûkers | United States Air Force, United States Navy, Japanske Selsferdigeningsleger, Dútske Loftmacht |
Farianten | Lockheed T2V SeaStar, Canadair CT-133 Silver Star |
De Lockheed T-33 Shooting Star is in trainingsfleanmasine mei strieloandriuwing, in ûntwerp fan de Amerikaanske firma Lockheed, dy't it tastel boude fan ein jierren '40 oant de ein fan de jierren '50 (20e iuw). Der binne hast 7000 fan de betroubere T-33's makke. It tastel tsjinne yn de rin fan 'e tiid yn de loftmachten fan mear as 80 lannen dêr't de Keninklike Loftmacht (Klu) ek ûnder wie. Oant yn de jierren '80 wie de T-33 noch troch de loftmachten fan ferskate lannen yn gebrûk.
Der binne noch tsientallen loftweardige T-33’s yn de wrâld; faak binne sy no partikulier besit. De oare noch oerbleaune eksimplaren binne útstald yn museums, by de yngong fan fleanfjilden of loftfeartskoallen en sa.