Lodewijk Frans Asscher (Amsterdam, 27 septimber 1974) is in Nederlânsk politikus. Nei in karriêre yn de Amsterdamske polityk makke er de oerstap nei de lanlike polityk. Fan 9 desimber 2016 ôf is Asscher partijlieder fan de Partij fan de Arbeid. Nei de Twadde Keamerferkiezingen fan 2017 waard er Keamerlid en fraksjefoarsitter. Earder wie er fan 5 novimber 2012 oant 26 oktober 2017 minister fan Sosjale Saken en Wurkgelegenheid en fise-premier yn it kabinet-Rutte II.
Asscher is lid fan de Partij fan de Arbeid (PvdA). Hij studearre Nederlânsk rjocht oan de Universiteit fan Amsterdam en promovearre yn 2002 (rjochtsgeleardens). Datselde jier waard er lid fan de gemeenterid fan Amsterdam. Yn 2006 ferruile er it riedslidmaatskip foar it wethâlderskip yn de Nederlânske haadstêd. By de gemeenteriedsferkiezings fan 2010 wie er foar syn partij listlûker yn Amsterdam. Fan maart oant july 2010 wie Asscher waarnimmend boargemaster fan de gemeente Amsterdam, fan it ôfgean fan Job Cohen oant de beneaming fan Cohens opfolger, Eberhard van der Laan.